Fjouwer jier sel easke foar deadlike klap by Fiskerijdagen

Der is fjouwer jier sel wêrfan in healjier ûnder betingst easke tsjin in 36-jierrige man út Harns. Hy wurdt der fan fertocht dat er ferline jier by de Fiskerijdagen yn in kroech yn Harns Piet Lichtendahl (58) út Kimswert deaslein hat. De fertochte soe it slachtoffer samar út it neat in klap op de holle jûn ha, wêrtroch de man ferstoar.
Neffens de offisier wie deaslach net te bewizen, omdat de fertochte net de bedoeling hân hat Lichtendahl om te bringen. De man kin wol feroardiele wurde foar swiere mishanneling, seit justysje.
Yn de rjochtbank waarden bylden fertoand wêrop it momint fan de klap te sjen is. De fertochte joech ta dat er fout west hat, mar dat er oansketten wie en dat er der net hielendal by wie. Ek kaam de dochter fan it slachtoffer oan it wurd. De rjochter docht op 26 maaie útspraak yn de saak.