Rydbewiis ôfpakt fan hurdrider by De Rottefalle
It rydbewiis fan in 50-jierrige man út Jistrum is woansdeitenacht yn beslach naam. Dat barde op de Litswei by De Rottefalle. De autobestjoerder ried mei 150 kilometer yn de oere oer de N369, dêr is 80 it maksimum. De man krige proses-ferbaal.