Claudy Jongstra makket har op foar Chelsea Flower Show

12 maaie 2016 - 11:44

Keunstneres Claudy Jongstra fan Spannum makket har op foar de wichtige Chelsea Flower Show yn Londen. Dy begjint 24 maaie en duorret fiif dagen. Jongstra hat de tún mei de namme Dye Garden makke yn gearwurking mei túnarsjitekt Stefan Jaspers. Dêryn binne allegearre âlde gewaaksen te sjen, dy't brûkt waarden om fervestoffen foar tekstyl mei te meitsjen.

De Dye Garden is ûnderdiel fan it projekt Farm of the World fan Ljouwert Kulturele Haadstêd. Dat rjochtet him op de relaasje tusken stêd en plattelân.

De Chelsea Flower Show wurdt sjoen as de Olympyske Spelen foar túnûntwerpers. Minsken meie pas meidwaan nei trije strange seleksjerondes. De show yn London lûkt alle jierren goed 150.000 besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)