"SC Hearrenfean ferlinget kontrakt Hans Vonk net"

12 maaie 2016 - 10:40

SC Hearrenfean ferlinget nei alle gedachten it kontrakt fan technysk manager Hans Vonk net. As opfolger soe de klup Gerard Nijkamp fan PEC Zwolle op it each hawwe. Dat melde De Telegraaf en VI. Vonk wurke de ôfrûne moannen op ynterimbasis by Hearrenfean, neidat de folsleine one-tier-board op non-aktyf setten wie.

SC Hearrenfean hat in nije ried fan kommissarissen, in nije foarsitter fan it stichtingsbestjoer en in nije kommersjeel manager. Algemien direkteur Luuc Eisinga wol no ek in nije technysk manager, sa skriuwe de beide media.

Vonk syn posysje stie al ûnder druk, omdat de ûndernimmingsried oanjûn hie net mei de âld-keeper fierder te wollen. Gerard Nijkamp fan PEC Zwolle stiet bekend as talintfol en hat in soad kontakten yn de fuotbalwrâld. Luuc Eisinga wol noch gjin kommentaar jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)