Lânskipsbehear Fryslân docht ûndersyk nei flearmûzen

12 maaie 2016 - 10:26

Lânskipsbehear Fryslân docht mei ûnder oare de Wageningen Universiteit ûndersyk nei it effekt fan ljocht op flearmûzen. It ûndersyk wurdt dien yn de omkriten fan NAM-lokaasjes yn Fryslân. De NAM is de Nederlandse Aardoliemaatschappij.

Lânskipsbehear Fryslân pleatst 84 peallen mei 168 flearmûskasten en 42 ljochtynstallaasjes by 14 NAM-lokaasjes yn Fryslân en Grinslân. In part fan de kasten wurdt ferljochte en in part net. Op dy wize kin besjoen wurde of de flearmûzen kieze foar in kast yn it ljocht of yn it tsjuster.

De ûndersikers kinne dan sjen wat it effekt fan keunstljocht op de bisten is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)