Miljoenen nedich foar iishockeyhal Thialf

11 maaie 2016 - 22:44

De iishockeyhal fan Thialf moat flink opknapt wurde. In miljoeneynvestearring moat der foar soargje dat yn de takomst yn de hal ek konserten en grutte sporteveneminten organisearre wurde kinne. Der wurdt oan tocht om de hal heger te meitsjen en op te knappen mei better lûd oan de easken fan dizze tiid.

Sa wol Thialf besykje bygelyks Davis Cup tenniswedstriden, yndoarfuotbal of follybalwedstriden fan it Nederlânske team nei It Hearrenfean te heljen.

Shorttrack en iishockey

No wurdt de hal eins allinnich mar brûkt troch iishockeyklup UNIS Flyers en troch de shorttrackers. De hal is âld en ta oan in opknapbeurt. As de bou fan de 400-meterbaan 15 oktober klear is, hat Thialf al de beskikking oer genôch romte om gasten te ûntfangen yn restaurants, vip-romten en oare romten.

Konserten en sporteveneminten

Allinnich in opknapbeurt fan de iishockeyhal makket dan de komst fan konserten en grutte sporteveneminten mooglik. Neffens Willem Jan van Elsacker van Thialf Onroerend Goed is de finansiering noch net rûn, mar binne de plannen wol út de iiskâst helle om se mooglik te meitsjen. Earder waard it opknappen fan de hal op de lange termyn skood, omdat de finansiering fan de 400-meterbaan al dreech genôch wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)