Pieter-Jan Postma hat in misse dei en sakket út top 10

Pieter-Jan Postma (argyffoto) © Robert Deaves/Finnklasse
Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple is by it WK yn de Finnklasse yn Italië út de top tsien fallen. De Europeesk kampioen kaam woansdei as 47e oer de streek. Hjirtroch sakke Postma nei it trettjinde plak yn it klassemint. De silers hawwe no fjouwer races syld. "Het was geen goede pot van mij. Ik koos voor de rechterkant in de baan en dat bleek een verkeerde keuze. Jammer, maar helaas", sa seit Postma tsjin it ANP.
Foar woansdei stiene trije races op it programma. Mar troch it stille waar koe der mar ien kear syld wurde.