Provinsje is tefreden oer it fergassen fan guozzen

De provinsje sjocht tefreden werom op it fergassen fan guozzen as oplossing foar de guozzeproblematyk. Juny foarich jier waarden goed 1.500 guozzen yn in natoergebiet fan it Fryske Gea fongen en dêrnei fergast mei CO2. Belutsen partijen en natoerorganisaasjes hawwe keazen foar dizze oanpak as ekstra maatregel neist it lekprikken fan aaien en it sjitten fan guozzen. Ut de evaluaasje blykt dat it fergassen fan guozzen in flotte metoade is, wêrby't de rest fan de natoer minimaal belêste wurdt.
Wol soe it proses noch flotter kinne en yn in oare opstelling moatte sadat guozzen net beknipe reitsje.
Fergunnings
Neffens deputearre Johannes Kramer hat de Fauna Beheereenheid (FBE)  al nije fergunningen foar it fergassen fan guozzen oanfrege. De provinsje jout oan de ein fan de moanne dúdlikens as dy fergunningen ek ôfjûn wurde. "Der is wol haast by, want de guozzen binne no oan it ferfearjen en kinne dan it bêste oanpakt wurde."
Natoerbelied
De ferantwurdlikheid foar natoerbelied is yn 2014 oerdroegen fan it Ryk nei de provinsje. Alle provinsjes hawwe dêrom sels belied opsteld hoe't se de guozzeproblematyk oanpakke sille. Dêrom moat de skea oan lânbougewaaksen yn Fryslân mei fiif oant tsien prosint ôfnimme.