Fryslân rint foarop yn striid tsjin hûdkanker

11 maaie 2016 - 20:49

Fryslân rint foarop as it giet om it ûndersykjen en mooglik bestriden fan hûdkanker. It giet dan spesifyk om melanomen, in tige agressive foarm fan hûdkanker dy't faak begjint by in moedervlek.

Ferskate ûndersikers dy't ûnder oare ferbûn binne oan it MCL yn Ljouwert hawwe de ôfrûne jierren dwaande west om in database op te setten dy't brûkt wurde kin foar analyze. En dizze analyze kin wer helpe om bettere behannelplannen of previnsje-aksjes op te setten.

Bygelyks as bliken docht as in type melanoom yn Fryslân by in bepaalde leeftiidsgroep mear foarkomt. Dan soe dy groep oproppen wurde kinne foar in tsjek-up.

Trefwurden: 
hûdkanker melanoom MCL
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)