Jan Smink nei finale Bocuse d'Or

Sjefkok Jan Smink fan Wolvegea is sânde wurde by de Europeeske itensiederswedstriid Bocuse d'Or yn Boedapest. Yn jannewaris takom jier mei hy dêrom nei de wrâldfinale yn Lyon yn Frankryk. Smink, dy't wurket by stjerrerestaurant de Librije, makke mei syn team steur, steurkaviaar en hartekeal klear. It team bestiet út Sander Verhaaf en Fries Lars Aukema.
By de Europeeske finale striden 20 lanneteams oer twa dagen. Neist de ferplichte haadyngrediïnten wienen der ekstra easken, sa moast it fiskgerjocht foar de helte út griente bestean.
De griente moasten de teams sels garje op in merk op de wedstriidlokaasje. It fleisgerjocht moast út ien stik bestean en twa griente-, fruit- of jirpelgarnitueren ha.
Smink en syn team lieten belangrike dielnimmers as Dútslân, Italië en Ingelân efter har. "Toen ik hoorde dat Hongarije eerste was, zat ik zelf te rekenen. De eerste vijf plekken waren al bekend en dan ga je toch wel een beetje billenknijpen, want je weet het niet", sa seit Smink. "Uiteindelijk heeft het goed uitgepakt. Nederland heeft nog nooit zo dicht achter de groten gezeten. We zijn nu ook een land waarmee ze serieus rekening gaan houden."