Smook- en stookferbod op Skylge

11 maaie 2016 - 17:42

Op Skylge jildt yn elts gefal de kommende twa wiken in smook- en stookferbod. Dit is ynsteld troch de gemeente Skylge, nei oerlis mei de brânwacht en Steatsboskbehear. It is al in skoft drûch op it eilân en troch de hurde wyn soe in eventuele natuerbrân maklik foar grutte skea soargje kinne.

It smookferbod is lestich te kontrolearjen, mar tagelyk jilde der no in oantal previntive maatregels. Sa binne fiif meiwurkers fan Steatsboskbehear berikber by kalamiteiten en is der sintraal op it eilân in grutte wettertank delsetten.

Ek stiet der in oanhingwein klear mei blusmiddels. By it beslút fan de gemeente hat meispile dat der mei de pinksterdagen in protte ekstra fakânsjegongers nei it eilân takomme. Foar safier bekend is der yn de oare natuergebieten yn Fryslân noch gjin smook- en stookferbod ynsteld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)