De iene Poal stekt de oare

11 maaie 2016 - 17:19

De plysje hat woansdeitemiddei in 38-jierrige Poal oanhâlden yn in wenning oan it Stasjonsplein op It Hearrenfean. Hy hie spul mei in 34-jierrige Poalske man en dat rûn út op in stekpartij.

De man waard yn syn earm stutsen en moast dêrfoar yn it sikehûs behannele wurde. It slachtoffer hat oanjefte dien by de plysje. De Poal sit noch fêst yn ôfwachting fan it plysje-ûndersyk.

Trefwurden: 
stekpartij It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)