Strieljager F-35 hast klear foar flecht nei Ljouwert

11 maaie 2016 - 16:18

Op de fleanbasis Edwards yn de Feriene Steaten wurdt hurd wurke oan de komst fan de F-35 (de JSF) nei de fleanbasis Ljouwert. Oer goed oardel wike is it al safier. Dan komme de Ljouwerters út Amearika wer thús. It is in spannende tiid foar de minsken fan it eardere Ljouwerter Squadron 323. De besite oan Nederlân is in mylpeal yn de skiednis fan it tastel. Neffens kolonel Bert de Smit is it wichtichste dat de omwenners fan de fleanbasis it tastel kennen leare.

It is de bedoeling dat der twa tastellen de reis oer de oceaan meitsje.

Der is noch net earder in tastel nei Europa flein. In soad minsken út de wrâld fan de F-35 sjogge dan ek nijsgjirrich mei oer de skouders fan de Nederlanners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)