Heliventure krijt gjin gelyk yn klacht oer oanbesteging

11 maaie 2016 - 14:11

It Belgyske helikopterbedriuw Heliventure hat fan de rjochter gjin gelyk krigen yn har klacht oer de oanbesteging fan de helikopter foar pasjinteferfier nei de Waadeilannen troch de Regionale Ambulancevoorziening (RAV) Fryslân.

Neffens Heliventure wie de nije oanbesteging sa skreaun dat de ANWB de opdracht krije soe. De rjochter seit dat dêr gjin bewiis foar is. Earder lei RAV Fryslân de oanbesteging stil om't der ek rebûlje oer wie. De ambulânsefoarsjenning kaam dêrnei mei in nije oanbesteging.

Neffens de rjochter hat in partij altyd it rjocht om in oanbesteging stil te lizzen. RAV Fryslân wol sa gau as mooglik mei in nije helikopter fleane. Definsje en de Kustwacht dogge dat no tydlik.

RAV Fryslân is bliid mei de útslach fan it koart pleit. Sy kinne no in folgjende stap sette yn de oanbesteging. Oant en mei 23 maaie kinne partijen ynskriuwe op de nije oanbesteging. Neffens wurdfierder Jouke Wijnalda fan RAV Fryslân hawwe se wol in soad tiid ferlern troch it koart pleit. Se hoopje no om de deiflechten fan 1 oktober ôf te dwaan en de nachtflechten fan 1 jannewaris 2017 ôf.  

Heliventure fynt de útkomst fan it koart pleit teloarstellend, sa seit advokaat Antoine Broesterhuizen. Neffens harren doocht it juridysk sjoen net. It Belgyske helikopterbedriuw sil him beriede op ferfolchstappen, sa as in heger berop of in oare proseduere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)