Deenske skoalbern op besite yn Jobbegea

11 maaie 2016 - 12:34

Ynternasjonale útwikseling fan studinten fynt al langere tiid plak, mar foar bern fan de basisskoalle noch net. Yn Jobbegea is dizze wike in groep fan tweintich Deenske basisskoalbern op besite. Se sliepe by gastgesinnen en binne by de aktiviteiten keppele oan de Jobbegeaster bern fan OBS Mr. J.B. Kanskoalle.

It is foar de Deenske bern in hiele ûndernimming om fiif dagen by frjemden útfanhûs te gean en in taal te praten dy't net je eigen is. De fiertaal is Ingelsk. Fierder fine se net dat der grutte ferskillen binne mei Denemarken.

Op skoalle dogge se workshops, ûnder oare mei Lego en Fryske kultuer. En se meitsje útstapkes yn de buert. De bern en twa leararen gean freed wer werom nei Denemarken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)