Minister Blok iepenet wenten yn Garyp

Minister Stef Blok fan Wenjen hat woansdeitemiddei yn Garyp sân nije wenten iepene yn in eardere pleats oan 'e Ielke Boonstraloane. Oannimmer Johan Timmermans begûn sa'n healjier lyn mei de bou fan de wenten, wêrfan in oantal bedoeld is foar starters.
Timmermans wol sa de krimp yn it doarp tsjingean. De âlde pleats is in ryksmonumint, ûntwurpen troch arsjitekt W.C. De Groot. De oannimmer hie dêrom rekkene op in bydrage fan de provinsje, mar krige dy net.
Tsjin de krimp
Goedkeape starterswenningen binne neffens Timmermans in probaat middel tsjin de krimp. Nije ynwenners soargje derfoar dat Garyp leefber bliuwt, seit er. Mar de wurksumheden pasten net yn de regels fan de provinsje. "Dan moast ik de boel platsmite en dat wie no krekt de bedoeling net", sa sei Timmermans earder by Omrop Fryslân.
Dochs wie der by de iepening, njonken minister Blok, ek in delegaasje fan de provinsje. De gemeente Tytsjerksteradiel, dy't wol in bydrage leverje woe, wie ek oanwêzich yn de persoan fan boargemaster Eric ter Keurs.
Gariper fan it jier
It doarp Garyp is tige wiis mei Timmermans. Yn 2014 waard er noch keazen ta 'Gariper fan it jier'. "Hy jout de minsken yn it doarp it gefoel dat se wer meidogge", sei Gjalt Faber fan de doarpskrante dêr doe oer. Timmermans hie syn eigen hûs en bedriuwspân omruile mei de eigener fan it âld molkfabryk. Dat die er omdat er de minne steat fan it gebou net oansjen koe. Hy hat der soarchwenningen ynboud en der sit in húsdokter, in apoteek, in fysioterapeut, in pedikuere, in pjutteboartersplak en in berne-opfang yn.
It wurk yn Garyp is foar Timmermans noch lang net klear, mei meardere partijen is er yn petear om in 'autistencampus' te realisearjen.