Kollum: "Mengkameel"

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.
"Wat hie ik der in nocht oan, ôfrûne sneon. Ien fan de bêste coverbands fan Led Zeppelin joech acte de presence op it Oerrockfestival yn Oerterp. It festival dat de lêste jierren al mar grutter en better wurden is. De frou en ik skarrelen earst hast oan it poadium ta om even te besjen hokker gitaren de sabeare Jimmy Page brûke soe. Om njoggen oere soenen de hearen los. Mar doe’t ik de earste brutaal hurde bastoan hearde en de drummer my mei ien skop tsjin de basdrum hast fan de sokken blaasde, binne wy mar gau in ein nei achteren flechte. Op hichte fan de lûdsminsken, dy’t dit euvel grif fluch ferhelpe soenen.
It belang fan in goede lûdstechnikus is net te befetsjen by in rockkonsert. De mengkameel, sa as ien fan myn bandleden fan it Bokwerder Onbelang de lûdsminsk altyd neamt, kin dy meitsje of brekke. Foar guon dy’t it meimakke ha, sil it in bekend fenomeen wêze. As je op in poadium steane en josels net werom hearre troch de monitors op it toaniel, wanhopich kontakt sykje mei de immer rêstige en pakjes filtersigaretten fuortpaffende, swier ûnderbetelle man dy’t de knoppen betsjinnet, is de konsekwinsje dat alles sa falsk as in kraai is. It is my ien kear oerkaam, ik ha letter mei in kop as in boei de opnamen werom heard. Ferskriklik.
‘As de mengkameel it my net nei it sin docht, spylje ik net,’ sa seit myn bandgenoat altyd stellich. En hy hat gelyk. Want der is neat minder. Doe’t wy yn Zwolle nei Status Quo wienen, stie der yn in foarprogramma in band dy’t de rommel sa alderûnhuerste lûd stean hie, dat je wol graach in rolle skytpapier of in pear tampons bemachtigje woenen om je der tsjin te wapenjen. De hiele hal rûn ek leech, omdat it echt net om oan te hearren wie. Ik freesde it erchste, mar doe’t de Quo begûn, blykte dat it lûd treflik wie. Je koenen gewoan mei elkoar prate. It belang fan in goede piloat efter de knoppen.
Soms komt it ek foar dat je bystelle moatte. Doe’t Joe Bonamassa yn Grins spile, wie it earste nûmer ek fierstente hurd. Mar it twadde nûmer en de rest fan de show wie it lûd prima. In lûdsman dy’t de saak bystelle kin omdat er harket nei wat op it poadium bart. En yn 1989 spile The Cure yn Thialf, mocht ik earne skea oan it gehoar oprûn ha, wie it dêr wol. Myn earen ha 14 dagen lang pipe. Wol in moai konsert trouwens, mar ek wer snoeihurd.
In goede lûdsman betellet him altyd út. De artysten op it poadium binne der bliid mei, de minsken yn de seal ek. It is foar my dan ek in wûnderbaarlik fenomeen dat it sa faak hielendal op fleanen liket mei it lûd. It konsert fan de Led Zeppelin coverband is der wat my oanbelanget kompleet troch nei de Filistinen holpen. De lûdsman sil alles mei de bêste bedoelingen dien ha, mar it wie echt bagger. De ritmeseksje drum en bas wienen sa oerhearskjend dat de sjonger der tsjinoan raze moast om him fersteanber te meitsjen. De treflike gitaarriffs dy’t Jimmy Page ea betocht hat, foelen hielendal yn it neat, wy ha de gitaar amper heard.
Healwei ha ik tsjin ien fan de lju sein dat neffens my it lûd freeslik yn ûnbalâns wie, mar dat loste net folle op. It is in festival, dus moat it hurd, sa lykje de mengkamelen te tinken. Set it earst mar ris tsien DBA sêfter, en pleats healwei de tinte noch in set boksen, dat lost in moai stik skea oan it gehoar op. Dy pear ekstra sinten dy’t dat kostet ha je der mei de folle bettere kwaliteit sa wer út. Hurde muzyk is prima, mar soargje wol foar in goede balâns en ynvestearje yn goede lûdsminsken, oars dogge jo de artysten en harren publyk tekoart."