Dôfhûdige hurdrider moat rydbewiis opnij ynleverje

11 maaie 2016 - 07:42

In 45-jierrige automobilist út de gemeente Ljouwert moast tiisdeitemiddei syn rydbewiis opnij ynleverje oan de plysje. De man ried mei mear as 160 kilometer oer de Heak om Ljouwert, dêr't 100 it maksimum is. De man wiksele ek ûnferwachts fan rydstripe. Reden foar de plysje om him by Marsum oan de kant te setten.

Ut ûndersyk die bliken dat de man yn 2014 ek al syn rydbewiis kwytrekke fanwegen te hurd riden. De offisier fan justysje beslút wat der mei it rydbewiis fan de dôfhûdige hurdrider barre sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)