Lemster ekowinkel fiert aksje tsjin patint op siedsjes

10 maaie 2016 - 23:21

Ecoshop Helder op De Lemmer fiert aksje tsjin it claimen fan patinten op natuerlike eigenskippen fan siedsjes, fruchten en planten. De Lemster winkel slút him oan by in lanlike kampanje dêr't omtinken yn frege wurdt foar it gefaar fan patinten op siedsjes.

Troch in romme EU-patintwetjouwing, claime hieltyd mear bedriuwen patinten op siedsjes. Dat hat neffens guon neidielige gefolgen. De winkel ropt minsken út de omjouwing dan ek op om siedsjes yn de friezer te bewarjen of te plantsjen yn de tún. Dêrtroch bliuwe de siedsjes goed bewarre.

De inisjatyfnimmers fan it protest wolle mei de aksje ynspylje op de ynternasjonale konferinsje oer de driging fan patinten. Dy is op 18 maaie yn Brussel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)