No al gebieten ôfsluten yn ferbân mei it briedseizoen

10 maaie 2016 - 22:02

It Waadgebiet makket him earder as gebrûklik op foar it briedseizoen fan fûgels en it seehûneseizoen. Guon plakken wurde no al minder tagonklik makke foar minsken, om de bisten rêstich gewurde te litten. Ofrûne wike is bygelyks de tagong ta de sânplaat It Rif beheind. Dy leit benoarden de Kalkman tusken It Amelân en Skiermûntseach. Yn de dúntsjes dêr briede in soad fûgels.

Nei't de jongen grutbrocht binne, wurde de gebieten wer frijjûn. Op in tal plakken binne al ferbodsbuorden pleatst troch de Waddenunit.

Trefwurden: 
Waadgebiet briedseizeon
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)