Wurkstraf easke foar man dy't broer stuts mei heafoarke

Heafoarke (stockfoto) © ANP
Tsjin in 51-jierrige man út Wynjewâld is in wurkstraf fan twahûndert oeren easke foar it stekken fan syn broer mei in heafoarke. Hy kriget boppedat in selstraf ûnder betingst fan twa moanne en hy moat syn broer 3500 euro betelje, as it oan de offisier fan justysje leit.
De fertochte foel syn broer yn septimber ferline jier oan. Dy soe guod út de erfenis fan harren mem besocht hawwe mei te nimmen. De man waard sa lilk dat er de heafoarke út de skuorre helle en syn broer dêrmei ferwûne. De rjochter docht op 24 maaie útspraak yn de saak.