Stekynsidint yn it sintrum fan It Hearrenfean, ien ferwûne

10 maaie 2016 - 17:48

By in stekynsidint yn it sintrum fan It Hearrenfean is tiisdeitemiddei in persoan ferwûne rekke. In man hat op it Stationsplein in oare man delstutsen. De plysje hat de fertochte oanholden en meinaam foar ferhoar. It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht, mei ferwûningen oan 'e hân. 

De oarsaak fan de stekpartij is noch ûnwis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)