Maarten Tjallingii is blauwe trui kwyt

Maarten Tjallingii © ANP
Hurdfytser Maarten Tjallingii, berne yn Ljouwert, is de blauwe trui yn de Ronde fan Italië kwytrekke. De 38-jierrige rider fan LottoNL-Jumbo pakte yn de fjirde etappe fan tiisdei gjin berchpunten. De Fries wurdt dêrtroch yn it berchklassemint passearre troch Damiano Cunego en Nicola Boem. Dy twa riders pakten beiden sân punten en gean no oan kop.
Tjallingii pakte snein de berchtrui troch as earste de top fan de Posbank yn Gelderlân te berikken.