"Neibetelling oan wurknimmers Sionsberg en Pasana"

10 maaie 2016 - 16:34

Kurator Hans Silvius fan it Dokkumer sikehûs De Sionsberg en de Pasana soarchgroep sil besykje om noch foar de simmerfakânsje 1400 wurknimmers en âld-wurknimmers fan de fallite soarchgroep in neibetelling te dwaan.

De meiwurkers hawwe noch rjocht op de útbetelling fan de desimberútkearing fan 2014 en yn guon gefallen ek fan oeroeren. Neffens Silvius giet it om bedrach fan in pear hûndert euro oant op syn meast in pear tûzen euro foar elke wurknimmer.

By útbetellingen út in fallisemint hawwe yn de regel grutte skuldeaskers lykas de Belestingtsjinst en de bank foarrang, mar yn dit gefal wol Silvius mei de rjochtbank regelje dat er de wurknimmers earder útbetelje kin.

Persoanlik oansprekke op flaters
Silvius is al sûnt ein 2014 oan it wurk as kurator fan De Sionsberg en Pasana. Hy is op it stuit ûnder oare dwaande mei in ûndersyk nei de finansjele gong fan saken by it Dokkumer sikehûs en de Pasanagroep foar de perioade 2007-2014. De kurator slút net út dat guon bestjoerders ek persoanlik oansprutsen wurde op flaters dy't se yn dy tiid makke hawwe.

Behear jildstreamen ûnfoldwaande
It stiet foar Silvius fêst dat it behear fan de jildstreamen fan sikehûs en âldereinsoarch yn dy perioade folslein ûnfoldwaande wie. Trochdat ferskate jildstreamen trochinoar hinne rûnen, hie in skoft lang hast gjinien echt sicht op hoe't sikehûs en de âldereinsoarch fan Pasana der finansjeel krekt foar stiene. Dat hat bliken dien: ein 2014 giene sikehûs en âldereinsoarch - en foar in soad belutsenen reedlik ûnferwachts - fallyt.

"Situaasje is no better"
De âldereinsoarch fan Pasana makke in trochstart ûnder lieding fan in fangnetstichting, mei as doel om de âldereinsoarch safolle mooglik trochgean te litten. Dy stichting Continuïteit Zorgverlening Friesland koe tiisdei opdoekt wurde. De âldereinsoarch is no yn hannen fan de Kwadrantgroep en Súdeastsoarch en stiet der no neffens foarsitter Hayo Homan in stik better foar as twa jier lyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)