Huzebou Houkepoort yn Snits giet lang om let los

10 maaie 2016 - 16:06

De bou fan huzen op it eilân de Houkepoort yn Snits giet lang om let los. Noch dit jier wurdt begûn mei de ferkeap fan kavels en wenningen. De gemeente Súdwest-Fryslân hat dêr kontrakten foar ôfsletten mei boubedriuwen Dijkstra Draisma en Friso. Op it weneilân oan de Houkesleat komme sawat 180 wenningen.

De wenningbou op de Houkepoort is al jierren yn ûntwikkeling. Op dit stuit wurdt de lêste hân lein oan de nije stêdeboukundige opset fan it gebiet. De krekte plannen wurde foar de simmer presintearre.

"De woningmarkt komt gelukkig weer in beweging. In Súdwest-Fryslân hebben we met het plan de Houkepoort een prachtige locatie om te wonen beschikbaar", seit wethâlder Maarten Offinga."

Trefwurden: 
Houkepoort Snits huzen bou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)