"Beweechbere Prins Hendrikbrêge goed foar rekreaasjefeart"

10 maaie 2016 - 15:57

It wer beweechber meitsjen fan de Prins Hendrikbrêge yn it sintrum fan Ljouwert is fan grut belang foar de rekreaasjefeart. Dat skriuwt it Burgerinitiatief Beweegbare Prins Hendrikbrug yn in brief oan provinsjale steaten.

Boaten moatte no oer it drokke Van Harinxmakanaal, as se troch de stêd wolle. De provinsje hat plannen om it kanaal yn in bocht te ferbreedzjen, sadat der noch gruttere skippen del kinne. Dat is goed foar de ekonomy, mar gefaarlik foar de rekreaasjefeart, seit it boargerinisjatyf Beweegbare Prins Hendrikbrug.

As de Prins Hendrikbrêge wer iepen kin, kin de rekreaasjefeart tenei troch de stêd, en dat is folle feiliger. De minsken fan it boargerinisjatyf wolle der ynkoarten mei de steateleden oer prate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)