FIDEO: Wêr moat boargemaster oan foldwaan? Jo meie it sizze

10 maaie 2016 - 15:25

Ynwenners fan Tytsjerksteradiel meie sels antwurd jaan op de fraach wêr't de nije boargemaster oan foldwaan moat. Boargemaster Eric ter Keurs hâldt op 1 septimber op. It profyl fan de nije earste boarger fan de gemeente moat noch makke wurde. Riedsleden giene tiisdei de strjitte op om te hearren wat de easken fan de befolking binne foar de nije boargemaster. De advizen kinne noch oant 25 maaie jûn wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)