Man bedriget treinmeiwurkers, oppakt troch plysje

10 maaie 2016 - 11:24

De plysje hat moandei in 26-jierrige man út de gemeente Dongeradiel oanhâlden foar it bedriigjen fan twa treinmeiwurkers. De man reizge mei de trein fan Ljouwert yn de rjochting fan Grins. By in kontrôle die bliken dat er gjin jildich ferfierbewiis by him hie. Doe't in kondukteur de man om syn identiteitsbewiis frege, utere er ferskate misledigingen. Ek in kollega fan de kondukteur waard letter misledige en bedrige.

Yn Bûtenpost koe de plysje de man oanhâlde. Underweis nei it plysjeburo wie de man agressyf. Hy is ynsletten en de plysje hat proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
plysje trein bedriging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)