Oanriding op A7 by Fryske Peallen, rydstreek ôfsletten
Ferkear op de A7 fan Grins nei It Hearrenfean hat lêst fan in oanriding by de ôfrit by Fryske Peallen. Der binne fjouwer auto's op inoar botst. De linkerrydstreek is dêrom ôfsletten.
It is net bekend of der minsken ferwûne rekke binne.