Grûn by gifstofferwurker Orion yn Drachten is fersmoarge

10 maaie 2016 - 07:05

De grûn en in part fan de riolearring by gifstofferwurker Orion yn Drachten binne fersmoarge mei saneamde pcb's. Dat meldt it Friesch Dagblad tiisdei nei oanlieding fan ferskate ûndersiken dy't útfierd binne troch de provinsje, de gemeente Smellingerlân en Wetterskip Fryslân. It blykt dat der troch it bedriuw jierrenlang giftige stoffen ôffierd binne yn it rioel. Ek it bedriuweterrein is fersmoarge.

De fersmoarging kaam yn desimber ferline jier oan it ljocht, nei't ûndersikers fan in bedriuw út Assen de giftige stoffen rûnom it bedriuw oantroffen. Inkelde jierren earder al trof it Wetterskip in opfallend tal pcb's oan by de rioelwettersuveringsynstallaasje. Neffens GGD Fryslân binne de gefaren foar de folkssûnens en de natuer lyts. Wol is it net dúdlik hoefolle pcb's krekt lekt binne yn it oerflaktewetter.

Alde wurkwize

De algemien direkteur fan Orion, Dirk Jan Hoogendoorn, seit dat de fersmoaring it gefolch is fan de wurkwize dy't it bedriuw oant inkelde jierren lyn hantearre.      

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)