FIDEO: UMCG komt mei terapy 'swimme mei dolfinen'

Swimme mei dolfinen as terapy foar pasjinten mei autisme en depresje. Net yn it echt, mar mei in film dy't se sjen kinne mei in spesjale virtual-reality-bril op. It idee komt fan de Ljouwerter keunstneresse Marijke Sjollema. De film is draaid yn Egypte. Sikehûs Akademysk Medysk Sintrum Grins (UMCG) wie fuortendaliks entûsjast. It sikehûs begjint mei in ûndersyk nei de útwurking fan de terapy by autisten en minsken mei PDD-NOS.