"Der komme bettere tiden foar agrarysk Nederlân"

09 maaie 2016 - 16:23

"Agrarysk Nederlân hat it dreech op it stuit, mar der komme better tiden". Dy oertsjûging hat Andries Kingma fan de feemerk yn Ljouwert. Syn organisaasje is op 't heden gasthear fan it kongres fan de Eurpeeske assosjaasje fan feemerken. Op it sympoasium dat moandei yn it WTC-hotel hâlden wurdt, binne sawat tachtich ynternasjonale gasten. Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert, deputearre Johannes Kramer en Europarlemintariër Jan Huitema wiene der ek.

Tema is hoe't de agraryske wrâld ek yn 2050 soargje kin foar genôch sûn en feilich iten.

Fierders kamen in ek soad ûnderwerpen dy't mei sûn en feilich iten te krijen hawwe, op it aljemint. Dan giet it bygelyks om it wolwêzen fan fee, de priisstelling, fernijing, de digitale feemerk, miljeu-aspekten en de fraach fan de konsumint nei dúdlikens oer wêr't produkten weikomme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)