Mylpeal foar Afûk: tûzenste útjefte

09 maaie 2016 - 16:07

Utjouwerij Afûk presintearret tongersdei de tûzenste útjefte en makket dêr in feestje fan. It giet om it boek 'Skelte wol in skelter ha' fan Joke Scheffer. Afûkdirekteur Koen Eekma biedt it boek oan oan wethâlder Jaap Hijma fan Ferwerderadiel. Bern út groep twa fan de skoallen yn 'e gemeente krije it boek kado fan de gemeente.

De Afûk hat Ferwerderadiel útkeazen, omdat it in gemeente is mei in aktyf Frysk taalbelied. Sa wurdt yn de gemeente alle jierren de aksje 'Jou in bern in boek' hâlden om basisskoallebern oan it Frysk lêzen te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)