Alderein fitter en minder iensum troch sport en spul

© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Alderen yn Drachten fiele harren minder iensum en fitter troch mei te dwaan oan sport- en spullessen. Dat docht bliken út it projekt Sociaal Vitaal fan Sport Fryslân en de gemeente Smellingerlân. Senioaren út de wiken De Bouwen en De Singels hawwe dêroan meidien. Nei in healjier alle wiken sport en spul fiele se harren folle better.
Sport Fryslân wol it projekt ek yn oare gemeenten hâlde. Yn Littenseradiel is dat al slagge. Der is noch oerlis mei de gemeente Dongeradiel.