Riedsleden de dyk op foar profylskets nije boargemaster

Riedsleden fan de gemeente Tytsjerksteradiel gean fan tiisdei ôf mei in iPad op 'en paad yn 'e gemeente. De politisy sille boargers freegje in fragelist yn te foljen oer hokker profyl de nije boargemaster hawwe moat.
De gemeente is op syk nei in nije boargerheit of -mem, om't boargemaster Eric ter Keurs op 1 septimber ophâldt. De riedsleden meie sels witte hoe faak en wannear oft se de strjitte opgean.
Boargemaster âlde styl of manager
Op de list stean tsien stellingen en ien iepen fraach. De stellingen gean bygelyks oer oft de boargemaster hiel sichtber wêze moat of krekt mear op de eftergrûn stean moat, of oft it in wiere boargerheit wêze moat of mear in manager, fertelt riedsgriffier Sytze Dijkstra.
Reagearje kin oant 25 maaie
Op de webside fan de gemeente kinne ynwenners fan Tytsjerksteradiel harren miening hearre litte. Dat kin oant en mei 25 maaie. Oant dan kinne riedsleden ek de strjitte op mei de enkête. Oanslutend sille de fraksjefoarsitters yn de gemeenteried in profylskets meitsje. De kombinearre skets sil op 29 augustus oanbean wurde oan de kommissaris.