Jack Kooistra "tige grutsk" op takenning Sulveren Anjer

09 maaie 2016 - 11:05

Jack Kooistra fan Ljouwert is ien fan de fjouwer Nederlanners dy't op 15 juny in Sulveren Anjer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds krijt. Kooistra kriget de ûnderskieding yn it Keninklik Paleis yn Amsterdam út hannen fan Prinsesse Beatrix.

Kooistra kriget de penning fanwege syn wurk as 'chroniquer' fan de Twadde Wrâldoarloch. ''Ik bin der tige grutsk op. Ik waard der kjel fan, safolle die it my'', fertelt Kooistra. Hy hat in soad ûnderskiedingen, mar dit wurdt nei syn Westerborkmedalje de meast bysûndere, seit er sels.

Kooistra joech oarlochsslachtoffers in gesicht en fersette in soad wurk om oarlochsmisdiedigers op te spoaren.

De Sulveren Anjer wurdt sûnt 1950 jierliks útrikt oan trije oant fiif minsken dy't harren frijwillich ynsette foar de kultuer. Kooistra sjocht bot út nei de útrikking. ''Ik sil earst noch nei Normandië mei myn soan. Mar fan my mocht it no al wol 15 juny wêze.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)