Brêge Frjentsjerterein yn Harns fuorttakele foar ûnderhâld

Al mear as hûndert jier leit er oer it wetter fan de Noardersingel yn Harns, de Franekereindsbrug, mar moandei moast er der wei. In healjier lang. Foar ûnderhâld. Want dêr is jierrenlang eins neat oan dien. Der leit no in needbrêge, foar fytsers en fuotgongers, mar auto's kinne dêr net oerhinne.
It ûnderhâld fan de monumintale draaibrêge is neffens de Harnzer monumintestichting nedich om de feiligens fan it wei- en wetterferkear te garandearjen, en ek om de monumintale status fan de brêge te behâlden.
"Harns sil der behoarlik lêst fan krije", seit Tjeerd Zandhuis fan de monumintestichting. "It is de tagong fan de stêd fan Frjentsjer ôf." De renovaasje is diel fan in folle grutter projekt. De Easterbrêge en de Singelbrêge moatte der ek út foar ûnderhâld. Dat sil lykwols de kommende moannen noch net barre. Doel is dat de Easterbrêge der nei de simmer út giet en de Singelbrêge yn de maaitiid fan 2017. Wethâlder Maria le Roy ferwachtet dat de ferkearsproblemen dan noch grutter wurde sille.
It jild dat nedich is om de folsleine renovaasje te beteljen, is der ek noch net. Foar de Franekereindsbrug wol. Dat gong frij flot, seit Zandhuis, omdat de gemeente dêr yn 2010 al 340.000 euro foar reservearre hie, en mei provinsjale stipe fan 2 ton wie dat genôch. Mar de finansiering fan de Easterbrêge is in grutter probleem. Ek de renovaasje fan de Singelbrêge is finansjeel noch net rûn.
De Franekereindsbrug is nei alle gedachten om 1908 hinne makke. It giet om in draaibrêge fan stiel, mei in houten ryddek. De brêge wurdt mei de hân iepen- en tichtdraaid. Neffens it monuminteregister fan de Rykstsjinst foar Kulturiel Erfguod is de brege fan belang "uit een oogpunt van industriële archeologie en een daaraan gekoppelde functionele, maar verzorgde vormgeving, en vanwege de stedebouwkundig belangrijke ligging - tezamen met de eveneens beschermde Singelbrug en Oosterbrug".
Mear foto's fan de operaasje makke troch Aise van Beets: