Start praktyske ferkearseksamens basisûnderwiis yn Drachten

Mear as 8000 Fryske skoalbern út de groepen 7 en 8 dogge dizze perioade mei oan it praktysk ferkearseksamen. Dizze wike binne 700 learlingen fan de basisskoallen yn Smellingerlân oan bar. Startpunt is de ferkearstún op it terrein fan bernebuorkerij De Naturij yn Drachten.
Foarôfgeand oan it eksamen wurde de fytsen fan de learlingen kontrolearre op de easken fan in feilige fyts. Ek sil sjonger Johannes Rypma in rûntsje oer it de ferkearstún ride en mei in tal bern in lied sjonge. Deputearre Sietske Poepjes jout it offisjele startsein.