CBS: Earmoed yn Fryslân op lanlike trochsneed

© ANP
Fryslân leit op de lanlike trochsneed wat de earmoed ûnder húshâldings oangiet. Neffens it CBS groeiden der yn 2014 mear as 400.000 bern op yn in húshâlden mei in leech ynkommen. Dit komt lanlik del op goed 12 prosint. Fryslân sit krekt in bytsje leger.
Bern út húshâldings mei in leech ynkommen kinne minder faak meidwaan oan allerhande aktiviteiten as oare berrn. It giet dan om skoalreiskes, sport of muzykles. Dêrneist ûntbrekt faak it jild foar nije klean of fakânsje. De kâns op earmoed is it grutst yn Súd-Hollân en Grinslân.
Utrecht hat mei 10 prosint 'earmoedige' húshâldings it leechste persintaazje fan Nederlân.