Ynbraak yn kantoarboekhannel yn Grou

© Omrop Fryslân
Yn in kantoarboekhannel oan de Haadstrjitte yn Grou is sneintenacht ynbrutsen. Nettsjinsteande dat de plysje binnen fiif minuten nei't it alaarm ôfgie by de winkel oankaam, wiene de ynbrekkers al útnaaid. Op kamerabylden is te sjen dat se in rút fernielden en dêrnei sigaretten fuorthellen.
It giet om twa manlju op in skooter. Beiden hiene in trainingsbroek oan. Se binne útnaaid yn de rjochting fan de Parkstrjitte. Plysje freget tsjûgen om harren te melden.