Keatsters Tuinenga, Visser en Sijbrandij winne yn Baard

08 maaie 2016 - 22:33

Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Wiljo Sijbrandij ha snein yn Baard de earste frije formaasjewedstriid fan it seizoen wûn. De froulju wiene mei 5-1 en 6-4 te sterk foar Iris van der Veen, Marte Altenburg en Renske Terwisscha van Scheltinga.

It tredde plak wie foar it partoer fan Nicole Hempenius, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra troch in winst fan 5-5 en 6-6 fan de formaasje Louise Krol (ferfangster fan Lisette Wagenaar), Imke van der Leest en Sjanet Wijnia.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)