Rekreaasjesektor slút ekstreme maaiefakânsje prima ôf

08 maaie 2016 - 18:44

De rekreaasjesektor yn Fryslân hat in ekstreme maaiefakânsje kwa temperatueren meimakke. De earste wike mei hiele kâlde, hast winterske temperatueren. De lêste wike mei de waarmste temperatueren fan Europa!

Bestjoerder Petra Ellens fan brânzje-organisaasje Recron yn Fryslân jout de maaiefakânsje in 7,5. Hoewol in soad ûndernimmers yn de earste kâlde wike in soad ôfmeldingen krigen ha. Minsken keazen yn stee foar Fryslân dochs noch foar in fakânsje yn it bûtenlân. Yn de lêste wike hawwe campings en wettersportbedriuwen topdagen belibbe.

De ferhier fan bungalows leit op itselde nivo as oare jierren, sa seit Petra Ellens. In trend wie dat der mei it moaie waar noch in soad 'last-minute-boekingen' kamen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)