Keatsers Steenstra, Sprik en Terpstra winne yn Frjentsjer

Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra ha snein yn Frjentsjer de earste frije formaasjepartij yn de haadklasse fan dit seizoen wûn. Mei 5 om 4 en 6-6 troch in boppeslach fan Terpstra bleaune sy it partoer fan Hendrik Tolsma, Alle Jan Anema en Erwin Zijlstra de baas.
Tredde waarden Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger dy't yn de heale finale ferrassend ferlearen fan de lettere preemjewinners. Cornelis Terpstra waard útroppen ta kening.