Snits Wyt Swart ferliest fan OJC Rosmalen

08 maaie 2016 - 17:25

Sneinstopklasser Snits Wyt Swart Boso Snits hat snein de thúswedstriid tsjin OJC Rosmalen ferlern mei 2-0. De Snitsers wisten de earste helte net te skoaren, mar dat dienen de gasten ek net. Nei goed in oere makke René Geerts lykwols de 0-1 foar Rosmalen. Snits gie op jacht nei de lykmakker, mar yn de 93e minuut bepaalde Rosmalen de einstân op 0-2. Dêrmei bliuwt SWS op it 15e plak stean en dat betsjut oan de ein promoasje/degradaasje wedstriden spylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)