Kuorballers LDODK spylje lyk tsjin koprinner Fortuna

08 maaie 2016 - 17:13

De kuorballers fan LDODK hawwe in swierbefochten punt pakt tsjin Fortuna. Nei in 6-8 efterstân by it skoft kaam de ploech fan trainer Erik Wolsink werom fan 11-14 oant úteinlik 14-14. Fortuna út Delft is koprinner yn de eareklasse, en LDODK folget op twa punten. De Gordyksters steane no op it tredde plak, ien punt achter Blau Wyt Amsterdam. Dy wûnen de derby tsjin AW/DTV mei leafst 29-18.

De nûmers ien en twa spylje straks de play-offs om de lânstitel. Der binne noch twa wedstriden te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)