Cambuursupporters hâlde 'stille tocht' tsjin Van der Vegt

08 maaie 2016 - 14:36

Sa'n fyftich Cambuursupporters hawwe sneintemiddei foar de lêste kompetysjewedstriid tsjin Excelsior protestearre tsjin technysk direkteur Henry van der Vegt. Dat diene se mei in 'stille tocht' mei in deakiste en spandoeken. Ek hawwe se in petysje mei twatûzen hantekeningen oanbean oan foarsitter Ype Smid.

De supporters hâlde Van der Vegt ferantwurdlik foar de degradaasje nei de Jupiler League ta. De spilers dy't hy helle hat, hawwe SC Cambuur net sterker makke. 

Van der Vegt is dit seizoen foar it earst technysk direkteur by SC Cambuur. It is yn dy funksje syn fjirde klup yn it betelle fuotbal. Mei alle klups degradearre er út de earedifyzje wei. Njonken Cambuur binne dat PEC Zwolle, RKC Waalwijk en Willem II.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)