Keet Ysbrechtum folslein ôfbrând

08 maaie 2016 - 11:50

De keet fan Ysbrechtum is sneontenacht folslein ôfbrând. Yn ferbân mei de brân starte de plysje in syktocht nei trije 15-jierrige jonges dy't mei de brân te krijen hawwe soenen. De jonges binne noch net fûn.

It is al de tredde kear dat de keet yn 'e jiske lein is en hy sil nei alle wierskynlikheid net opnij opboud wurde. De keet stie al in skoft op de list fan de gemeente Súdwest-Fryslân om sluten te wurden.

De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
keet Ysbrechtum brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)