Plysje-ûndersyk nei drugs yn Ljouwerter hoareka

De Ljouwerter plysje moast wer yngripe op it Ruterskertier © Omrop Fryslân
Sneontenacht binne yn de hoareka yn de Ljouwerter binnenstêd meardere manlju troch de plysje ûndersocht foar it besit fan harddrugs. It personiel fan de kroech trof by op syn minst ien persoan in buiske GHB oan. Hjirop waard de plysje ynskeakele. Nei ûndersyk waarden meardere minsken kontrolearre, wêrby't ek drugshûnen ynset waarden.
Der is net ien oanholden.