Hemels Festival lit Ljouwert dûnsje

Hemels Festival 2016 © Twitter, @politie_lwdn
It Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert stiet sneon wer yn it teken fan it Hemels Festival. It dance evenemint wurdt dit jier foar de sechsde kear hâlden. De foarige edysjes wienen altyd op Himelfeartsdei, mar omdat dy no op deselde dei wie as befrijingsdei is it festival twa dagen opskood.
Ferskate dj's as Moombah Team en Vato Gonzalez & MC Tjen litte it publyk oant midsnacht dûnsje oan de foet fan de Aldehou. Dj Mental Theo is der ek wer by, hy sil it festival ôfslute.