Plysje hellet fytser (89) fan sneldyk A7
De plysje hat sneontemiddei in 89-jierrige fytser fan de A7 helle. De man waard op de sneldyk sjoen by De Gordyk, fytsend yn de rjochting fan Drachten. By de ôfslach nei Beetstersweach koe de plysje de fytser fan de dyk helje.